Rita Verdonk
Maria Cornelia Frederika (Rita) Verdonk (Utert, 18 oktober 1955) is in Nederlânske eardere politika.
Nei de ferkiezings op 22 novimber 2006 kaam Verdonk út namme fan de Volkspartij voor Vrijheid en Democratie (VVD) yn de Twadde Keamer. Sy wie lid fan it fraksjebestjoer en wie dwaande mei ûnderwiis, jongereinbelied en jeugdkriminaliteit. Earder wie hja minister foar Frjemdlingesaken en Yntegraasje en letter minister foar Yntegraasje, Jeugdbeskerming, Previnsje en Reklassearring yn de kabinetten Balkenende II en III (2003-2007).
Op 14 septimber 2007 waard Verdonk út de fraksje fan de VVD set. Op 15 oktober 2007 sei sy har lidmaatskip fan de VVD op. Twa dagen letter fernijde sy dat sy in beweging ûnder de wurknamme Trots op Nederland (TON) oprjochtsje soe. Verdonk ferdwûn yn 2010 út de Twadde Keamer doe't TON by de ferkiezingen gjin sit helle hie.
Desimber 2007 wûn hja de 'ferkiezing politikus fan it jier' 2007. Op 21 oktober 2011 makke sy bekend dat se fuortendaliks út de polityk gie.